It is maitiid 2025. Foar it earst sûnt lange tiid bin ik werom yn Warkum. Ik beslút om sjen te gean by sportkompleks De Rolpeal om te sjen wat der allegear foarinoar kommen is fan alle plannen dy wy in tal jierren lyn makke hawwe. Ik bin hiel benijd!
“Skjin en represintatyf”
It is woansdeitemiddei. It earste wat my opfalt is dat it terrein rûnom de akkommodaasje himmel en skjin is. Ik sjoch Herre en Bauke, dy’t ik noch ken fan it fuotbaljen en fan de perioade doe’t wy dwaande wienen mei de plannen, skoffeljen yn de perkjes. Ik sprek harren oan en sy fertelle dat sy tegearre mei twa oaren alle woansdeitemiddeis it grien rûnom De Rolpeal ûnderhâlde. Ik jou harren in komplimint, want ik fiel my fuortdaals oanlokke ta de yntree. It is in kommen en gean fan besikers. Der stean behoarlik wat auto’s op it parkearterrein en it fytserak is aardich bezet. Der binne dus moai wat minsken ‘yn beweging’.
“Gastfrij, ambysje en entûsjasme”
Ik beslút om nei binnen te gean. Oan de lofterkant fan de gong hast in prachtich sicht op de sporthal. In grutte groep jongerein is oan it volleybaljen en krijt les fan in entûsjaste trainster. Ik rin wat fierder de gong op en sjoch rjochts it swimbad lizzen, wêr op dit stuit swimles jûn wurdt. Oan de ein fan de gong sjoch ik de hoarekafoarsjenning. Dizze sjocht der ek al útnoegjend en skjin út. Wat fierderop is it dakterras fan de fuotbalferiening. Ik sjoch noch ris goed om my hinne en sjoch oeral beweging en wille. Ik stean yn it klopjend hert fan it gebou. Der is oan alles tocht. Der is sels in boartersplak foar de lytse bern. Wauw! Wa hâldt dit hjr allegearre oan de gong?
Dan falt de muorre wêr alle frijwilligers stean ôfbylde yn it each. Dat bin der in hiele protte. It kin dus dochs: sa’n akkommodaasje oan de gogn hâlde mei frijwilligers! Wat moai dat se hjir de frijwilligers op sa’n wize yn ’the spotlight’ sette. Underwilens wurd ik begroete troch in attinte dame yn it sportkafee. Sy freget oft sy my helpe kin. Ik jou oan dat ik fiif jier lyn nau belutsen west bin by alle ideeën, om dizze sportakkommodaasje suksesfol mei frijwilligers te behearen en dat ik no hiel benijd bin wat der allegear fan terjochte kommen is. Sy fertelt my dat sy ien fan de frijwilligerskkoördinatoren is en oer wat der allegear realisearre wurdt mei frijwilligers. Sy draacht in kreaze reade polo mei it logo fan De Rolpeal. Ik werken gelyk noch in tal minsken dy’t ek yn sa’n polo rinne.
“Foar en troch frijwilligers”
Sy fertelt dat elke nije frijwilliger in fêst ynwurkmaatsje krijt, sadat hja goed wenne kinne oan it ferskaat oan wurk. De frijwilligers dy’t al langer aktyf binne rûlearje iens yn de safolle tiid fan wurklist, om it meidraaien ek uitdaagjend te hâlden.
“As frijwilligerskkoördinator besykje ik mei elkenien in goede relaasje te hâlden. Dan wit ik wat der spilet en wat de motiven fan immen binne om yn De Rolpeal frijwilligerswurk te dwaan. Ek help ik by it bepalen en it regeljen fan ferskate opliedings foar de ferskillende funksjes. Do kinst wol sizze, dat it stiftingsbestjoer alles yn ‘e puntsjes regele hat foar wat de easken dy’t de wet stelt oanbelanget en hoe ús klanten dêrby sa deskundich mooglik holpen wurde. Us frijwilligers kinne sels foar bepaalde funksjes in frijwilligersfergoeding krije.”
“Frijwillig, mar net frijbliuwend”
“Der binne in soad frijwilligers aktyf en it wurk is tige ferskaat. Sa haw wy minsken dy’t meihelpe yn de hoareka en by de resepsje. By dizze ‘tak fan sport’ is gastfrijens tige wichtich. Minsken moatte harren wolkom fiele en dêr dogge wy allegearre tige ús bêst foar. Ferline jier binne wy sels nominearre foar de meast gastfrije akkommodaasje! Fierder sette in soad frijwilligers harren yn foar it behear. Hjirby giet it net allinne om it útfieren fan lyts skjinmakwurk yn it gebou, mar ek om it terrein. Dit skjinmeitsjen is in sekuer wurkje, want der komt tsjintwurdich hiel wat by sjen. Al ús frijwilligers moatte it wurk feilich en goed kinne útfiere, dus dêrom wurde de minsken goed oplieden.”
Sy fertelt fierder dat rom 100 frijwilligers aktyf binne by de Rolpeal. “Fan alle âlderdomsskiften út sette minsken har yn foar it sportsintrum. De jongste frijwilliger Gea, fynsto regelmjittich by de resepsje. ús âldste frijwilliger Willem is ûnderwilens 82 jier, mar set noch hieltyd syn bêste fuotsje foar yn it behear. Alle ferieningen dy’t gebrûk meitsje fan dizze akkommodaasje, sette harren yn foar it mienskiplik belang. Wy helpe elkoar wêr’t wy kinne en dat moat ek wol, want der is in protte te dwaan. Ek sykje wy by ’t soad de gearwurking mei de njonken lizzende skoallen en de buertsportcoaches fan de gemeente Súdwest-Fryslân.“
“Ferbine”
Sy fertelt ek dat alle jierren in grut frijwilligersfeest organisearre wurdt om de frijwilligers op in spesjale wize te betankjen. Dit wurdt mei alle ferieningen oppakt. “Frijwilligers dy’t dat jier wat bysûnders dien haw of nei lange en yntensive ynset stoppe binne, sette wy noch efkes ekstra yn’t sintsje. Sa bliuwe de minsken motivearre en dat fine wy tige wichtich! Hjirtroch fernimme wy dat de frijwilligers harren foar langere tiid oan ús bine wolle. Super motivearend!”
“Sûn iten en drinken”
Ik bin ûnder de yndruk fan wat der allegear dien wurdt om De Rolpeal mei frijwilligers te behearen. Ik betankje de frijwilligerskkoördinator foar har tiid en beslút om noch efkes in rûntsje te meitsjen lâns alle sportfoarsjennings om te sjen wat der allegearre bart. Ik sjoch ek noch efkes nei de menukaart fan it sportkafee. In frisse sûne smoothie fan mango, sinesappel en banaan springt derút. Mmmm. Dat sjocht der lekker út! Ik sjoch dat der noch folle mear sûne produkten op de kaart stean. Lokkich stean de bitterballen en de patat ek noch op de kaart.
Flak foardat ik wer nei hûs gean wol, komt de frijwilligerskkoördinator noch efkes nei my ta draven en noeget sy my út foar de earstfolgjende ynformaasjegearkomst. Hja freget of ik ek wat betsjutte wol yn de takomst. Ik twifelje efkes, mar ik betink my dan wat wy 5 jier lyn oan plannen makke hienen en ik besef: Wow, dat dogge se hjir echt goed! Unbewust ha ik eins al besletten wer wat foar myn stêd betsjutte te wollen. Wy meitsjw in ôfspraak om de mooglikheden dy’t der binne ris te bepraten. Stel…. de dream.